Ariëns wint puntekoers

© awfoto.nl
Crispijn Ariëns út Wolvegea hat op it NK skeelerjen op 'e baan mei oermacht de gouden medalje wûn by de puntekoers. Yn Haulerwyk pakte de rider fan Powerslide tegearre mei teamgenoat Ruurd Dijkstra út Nijeholtwolde in romme foarsprong op it peloton. Sechtjin rondsjes foar de ein moast Dijkstra syn ploechmaat gean litte, wêrnei't de winst wis wie foar Ariëns. Dijkstra waard twadde, it brûns wie foar Erwin Mesu.
By de froulju wie Manon Kamminga opnij oppermachtich en pakte har 3e oerwinning. Elma de Vries waard twadde, foar Bianca Roosenboom.
Freed wie Ariëns ek al de rapste by de ôffalkoers. It sulver wie krekt as yn de puntenkoers foar ploechgenoat Ruurd Dijkstra. Tredde waard Mark Horsten.