Ferwûne by botsing op N354

© Omrop Fryslân
By in ûngelok op de N354 by Drylts is in 61-jierrige frou út Heerhugowaard ferwûne rekke. Nei alle gedachten hat in 56-jierrige automobilist út Snits de auto fan it slachtoffer oer de holle sjoen, doe't er ôfslaan woe.
De Snitser en syn passazjier kamen mei de skrik frij. De 61-jierrige frou is mei nek- en búkklachten oerbrocht nei it sikehûs.