FIDEO: Oanlis otterpassaazje Gytsjerk úteinset

It Fryske Gea is moandeitemoarn by Gytsjerk begûn mei de oanlis fan in otterpassaazje. Der komt in dûker ûnder de dyk troch sadat otters feilich fan natuergebiet De Grutte Wielen nei it Bûtenfjild dêrnjonken komme kinne. Needsaaklik, seit Jan Jelle Jongsma fan it Fryske Gea, want der wurde dochs noch geregeld otters deariden.
De oanlis fan de otterpassaazje wurdt foar in part betelle út it spesjale otterfûns fan It Fryske Gea dat koartlyn oprjochte is.