Unike winst LDODK op Fortuna by start yn kuorbal league

Kuorbalferiening LDODK fan De Gordyk en Terwispel is it nije seizoen yn de kuorbal League úteinset mei in oerwinning op Fortuna út Delft, 23-19. Unyk, want oant no ta hie Fortuna alle duels de ôfrûne fjouwer jier yn De Gordyk noch wûn. Lang gie it lykop, mar flak foar it skoft rûn LDODK út nei 13-10.
Binnen in minút yn de twadde helte wie it ek alwer 13-12. Op de stân 18-15 miste Fortuna in strafworp, mar skoarde Diana van der Vorst wol. Dêrnei waard it gat nea wer lytser. Ynternasjonal Erwin Zwart waard topskoarder mei sân treffers.
Yn de haadklasse A pakte SCO ferrassend in punt by Wageningen, it waard dêr 24-24. De ploech fan Aegle Frieswyk út Aldeholtpea stiet no op it twadde plak, mei trije punten út twa duels.