Beamwoartel sit pleatsing strjitferljochting yn it paad

De Hamerswei © Google Street View
It pleatsen fan fjouwer nije ljochtmêsten oan de Hamerswei tusken Ter Idzert en Aldeholtpea wurdt útsteld. Der binne problemen mei it lizzen fan in stroomkabel. Der sitte beamwoartels yn de grûn dêr't de kabel ûndertroch perst wurde moat, en dêr wie net op rekkene.
De gemeente Weststellingwerf wol eins gjin strjitferljochting bûtenút hawwe. Mar foar de Hamerswei is in útsûndering makke, omdat dêr in soad bern delgean nei skoalle of de sportfjilden. De gemeente wol dat sy harren feilich fiele.