ROC Friese Poort begjint koksoplieding oer duorsum iten
ROC Friese Poort begjint septimber takom jier mei de nije oplieding 'Gespecialiseerd Kok'. Duorsum iten is hjiryn it útgongspunt. ROC Friese Poort wurket by de opset fan de nije oplieding gear mei it Koning Willem I College yn Den Bosch.
De oplieding 'Gespecialiseerd Kok' is in MBO nivo 4-oplieding. Dat is it heechste nivo binnen it middelber beropsûnderwiis. De Friese Poort seit dat studinten mei de nije oplieding breder ynsetber binne. Koksopliedingen op nivo 2 en 3 binne der al.