De striid om Helm's Deep nei 60 jier yn it Frysk

Mear as 60 jier hawwe de fans derop wachtsje moatten: de Fryske oersetting fan it twadde diel fan Master fan alle Ringen, fan de Britske skriuwer J.R.R. Tolkien. Mar freed is it dan safier en ferskynt it boek. Besikers binne fan herte wolkom by de presintaasje. Master fan alle Ringen is in fantasyferhaal oer it goede tsjin it kwea, mei figueren lykas hobbits, elven en grizelige bisten as orks. Dûmny Liuwe Westra fan Lollum hat de oersetting dien. It earste part fan de trilogy ferskynde fiif jier lyn en waard goed ûntfongen.
Oersette wie in hiele put omdat Tolkien bygelyks âld-Ingelsk brûkte. Westra hat dat oerset nei âld-Frysk, dat der hiel bot op liket. Omdat der gjin útjouwer te finen wie, wurdt de útjefte fan 'De Twa Tuorren', sa't diel twa hjit, betelle troch in crowdfundingsaksje.
De omslach fan it boek is makke troch de ynternasjonaal ferneamde fotografe Maartje Roos. Hjirûnder is te sjen hoe't de foto dy't brûkt wurdt foar de omslach út ferskate lagen opboud is. ​​