Mear minsken registrearje .frl-domein troch 1 euro aksje

nic.frl © NIC
It registrearjen fan in .frl-domein is flink yn populariteit tanommen troch in koartingsaksje. Yn de earste twa wiken fan novimber kostet de registraasje mar 1 euro, yn stee fan 39 euro. Yn de earste trije dagen fan de aksje binne der al 50 fan dy .frl domeinen registrearre. Gewoan binne dat der mar in stik as fiif. It spesjale Fryske domein bestiet sûnt 2 febrewaris fan ferline jier. Mei-elkoar binne der 14.000 websites dy't einigje op .frl. De aksje duorret oant 16 novimber.