Claudy Jongstra makket keunst foar Amerikaanske ambassade

Claudy Jongstra © Omrop Fryslân, Karen Bies
Keunstneres Claudy Jongstra fan Spannum is frege om in keunstwurk te meitsjen foar de permaninte keunstkolleksje yn de Amerikaanske ambassade yn Den Haag. It giet om in folslein nije kolleksje mei wurk fan Amerikaanske en Nederlânske keunstners dy't yn 2017 klear wêze moat.
Claudy Jongstra makket keunstwurken fan filt. It sunich omspringen mei de ierde en it lânskip stiet by har op de foargrûn en dat sprekt de ambassade bot oan. It is de bedoeling dat se in filten tapyt makket, yn de foarm fan in flinter.