Seistûzen bern dogge mei oan 'Fryske sport yn dyn klasse'

Skoalbern oan it keatsen © Martin de Jong
Seistûzen bern binne op skoalle yn de kunde kaam mei Fryske sporten. Dy bern sitte op 77 ferskate skoallen. 'Fryske sport yn dyn klasse' is in inisjatyf fan Sport Fryslân. It bestiet no in jier. It projekt hat as doel bern fan de groepen 5 oant en mei 8 ûntdekke te litten dat Fryske sporten moai binne om te dwaan.
De bern kinne seis Fryske sporten dwaan: fierljeppen, keatsen, hynstesport, skûtsjesilen, Frysk damjen en reedriden.