Man oppakt nei oertrêding húsferbod

© ANP
De plysje hat freedtemiddei in man oanhâlden yn in wenning yn it sintrum fan It Hearrenfean nei it oertrêden fan in húsferbod. By de arrestaasje blokkearre syn freondinne de doar, wêrnei't de plysje de doar forsearje moast om binnen te kommen.
De man waard oppakt en ek syn freondinne waard meinaam troch de plysjes fanwegen it behinderjen fan de plysje. Se wurde op it plysjeburo ûnderfrege.