Amelanner camping nimt diel boeken antikwariaat Atsee oer

Foar de boeken fan it antikwariaat Atsee yn Dokkum is belangstelling kaam út ûnferwachte hoeke. Camping Klein Vaarwater op It Amelân wol graach in part fan de kolleksje oernimme. It Dokkumer antikwariaat slút nei tsientallen jierren de doarren. Dat betsjut dat in heal miljoen boeken nei de kringloop gean of yn de kontener ferdwine.
Hans van Houten fan camping Klein Vaarwater sil tongersdei in diel fan de boeken meinimme. "Wy sjogge it as in moaie minwaarfoarsjenning foar yn ús rekreaasjeromte," sa seit er.
"De boeken hoege net perfoarst op de camping te bliuwen. As gasten der in boek foar weromsette, meie de boeken wol mei op reis gean", fertelt Van Houten.
Biblioteek Noard-Fryslân hat gjin ynteresse yn de boeken. Dy biblioteek hat graach aktuele boeken en fynt dat de boeken fan it antikwariaat net passe yn de eigen kolleksje. Ek soe it ynpassen fan de boeken yn de kolleksje te folle tiid en jild kostje.
It antikwariaat Atsee wie by de leafhawwers ferneamd om syn grutte kolleksje Fryske boeken en boeken oer it Waad.