Soad animo foar skoalreedriden yn Thialf

Foar it skoalreedriden yn Thialf op It Hearrenfean is dit jier in soad animo. Dizze winter dogge der trije kear sa folle bern mei as ferline jier. Goed 2100 bern fan 72 basisskoallen krije fjouwer kear les op de iishockeybaan.
Thialf hat dit jier folle mear de oandacht ynset op it skoalreedriden. Ek de gearwurking mei de Elfstedenhal yn Ljouwert en it projekt Scoren voor Gezondheid hat nei alle gedachten soarge foar mear oanmeldingen.
Dennis Schuurman, koördinator fan it skoalreedriden, is tige wiis mei de groei. Hy fernimt dat bern tsjintwurdich net mear sa goed reedride kinne. Schuurman tinkt dat dat komt, om't der de lêste winters net in soad natueriis mear is.
"Eartiids wiene bern fertroud mei iis, om't se yn de winter bûten reedride koene. Dat is no net mear sa. Heit en mem moatte de bern no nei in iishal bringe, wolle se it reedriden leare", sa seit Schuurman.