Oranje wint earste wedstriid op EK kuorbal

Marjolijn Kroon, Erwin Zwart en Friso Boode © KNKV, Ruud Binnekamp
De Nederlânske kuorballers hawwe sneon harren earste wedstriid by it EK kuorbal yn Dordrecht mei 22-17 wûn fan Katalonië. Oranje, mei dêryn Erwin Zwart, Friso Boode en Marjolijn Kroon fan kuorbalklup LDODK fan De Gordyk en Terwispel, wist yn de earste helte noch net echt út te rinnen. De ploech fan bûnscoach Wim Scholtmeijer socht de klaaikeamer op by in 10-8 foarsprong.
Nei it skoft ferromme Oranje de marzje yn rap tempo nei 19-11. Dêrnei wie it ferset brutsen by Katalonië en koe Nederlân de wedstriid rêstich útspylje.
Erwin Zwart makke fjouwer doelpunten, Marjolijn Kroon en Friso Boode beide twa.
Snein spilet Nederlân de twadde EK-wedstriid om 16.00 oere tsjin Dútslân.