Jeugdcultuurfonds Friesland hâldt stoepkrytwedstriid

It Jeugdcultuurfonds Friesland organisearre sneon in stoepkrytwedstriid by it Fries Museum yn Ljouwert. Alle bern dy't meidiene, mochten harren favorite bist tekenje en kleurje. It Jeugdcultuurfonds woe dêrmei omtinken jaan oan it feit dat it fûns finansjele stipe jaan kin oan famyljes dy't gjin jild hawwe foar lessen yn bygelyks dûnsjen, muzyk of tekenjen.
Fan alle tekeningen is in foto naam, dy't op de webside fan it Jeugdcultuurfonds komme te stean. Minsken kinne stimme en fan de moaiste tekening wurdt in plak-tattoo makke.