Reade kaart FC Groningen sûnder gefolgen

Fans yn de Euroborg © awfoto.nl
FC Groningen fuotballer Jason Davidson hat fan de KNVB gjin straf krigen foar syn reade kaart fan ferline wike yn de wedstriid tsjin SC Hearrenfean. Skiedrjochter Richard Liesveld stjoerde Davidson fan it fjild om't er in 'knietje' jûn hawwe soe oan Hearrenfean-oanfaller Arber Zeneli. De oanklager betelle fuotbal woe Davidson fia in skikkingsfoarstel foar twa wedstriden skorse, wêrfan ien ûnder betingst. De Grinzers woene dêr net mei akkoart gean. Davidson sei dat er syn skonk omheech die om't Zeneli op syn tean stie.
De tuchtkommisje fan de KNVB spruts Davidson freed frij om't de aksje net as 'gewelddiedich' sjoen waard.