Antikwariaat slút doarren; tûzenen boeken moatte fuort

It Dokkumer antikwariaat Atsee slút nei tsientallen jierren de doarren. Dat betsjut dat in heal miljoen boeken nei de kringloop gean of yn de kontainer ferdwine. Foar de 73-jierrige eigener Ad C. de Haan begjinne de jierren te tellen. Ek is der no in keaper foar de loads op yndustryterrein Betterwird.
It antikwariaat wie by de leafhawwers ferneamd om syn grutte kolleksje Fryske boeken en boeken oer it Waad. Dizze wike is it útferkeap, sneon slút de boekewinkel foargoed.
Yn Hea! is de reportaazje oer Ad C. de Haan en syn boeken tiisdeitejûn te sjen.