Bewenners besykje komst fuotbalkoai tsjin te hâlden

Trije bewenners fan de Ljouwerter wenwyk Westeinde besochten tiisdei fia de rjochter de oanlis fan in fuotbalkoai te kearen. Se binne bang foar lûdsoerlêst en problemen mei hingjongeren. De gemeente joech earder wol in fergunning. De koai past neffens de gemeente binnen it bestimmingsplan. Der soe neffens de gemeente ek draachflak foar wêze, wat bliken die út in ynventarisaasje troch de wykferiening.
De rjochter docht oer seis wiken útspraak, mar liet al wol trochskimerje dat de kâns dat de koai der komt grut is.