Bouwmeester hat minder tariedingtiid nedich foar Tokio

Marit Bouwmeester ferwachtet minder tariedingstiid nedich te hawwen foar de Olympische Spelen fan 2020 yn Tokio as dy fan Rio dit jier. Sy hat de ôfrûne wike yn Japan west foar de tarieding fan de Olympyske Spelen yn Japan. Noch gjin twa moanne nei har gouden medalje yn Rio de Janeiro traint se no alwer. "Foar de bûtenwacht liket dat gau, mar dizze trip is benammen bedoeld om te sjen wat jo dêr ferwachtsje kinne", seit Bouwmeester.
Neffens Bouwmeester is de situaasje yn Japan hiel oars as yn Rio. "Yn Rio sieten we middenyn in wrâldstêd. No, sitten wy twa oeren bûten Tokio yn in grut doarp." Bouwmeester wie dêr ûnder oaren mei har coach Jaap Zielhuis en broer Roelof Bouwmeester.