Hearrenfean wint de noardlike derby fan Grins mei 3-0

SC Hearrenfean hat de noardlike derby tsjin Grins sneontejûn frij maklik mei 3-0 wûn. De Friezen kamen al yn de sânde minút op foarsprong troch in goal fan Zeneli. Hearrenfean hie yn de earste helte it beste fan it spul, mar slagge der net yn de foarsprong út te bouwen. Yn de 36e minút moast Grins mei 10 man fierder, omdat Jason Davidson read krige foar in oertreding op Zeneli.
Yn de twadde helte sette Grins wol oan, mar it wie Sam Larsson dy't yn de 73e minút skoarde. Yn de 82e minút bepaalde Reza Ghoochannejhad de einstân op 3-0.
FC Grins moast it lêste kertier mei njoggen man fierder, omdat Memisevic syn twadde giele kaart krige. SC Hearrenfean stiet no mei PSV op it tredde plak, beide ploegen hawwe 18 punten út njoggen wedstriden.