FNP yn de bres foar dokterspost Koudum

© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De FNP stipet doarpsbelang Koudum yn de striid foar behâld fan de dokterspost Koudum. Neffens de partij is de post ûnmisber foar de hiele Súdwesthoeke. "It kin nea sa wêze dat adekwate soarch lykas dy fan húsartsen jûns en wykeins yn de Súdwesthoeke ûnberikber makke wurdt", seit riedslid Douwe Blom.
De dokterswacht giet ticht omdat der te min gebrûk fan makke wurde soe. Neffens doarpsbelang is dit ûnsin. De post soe just min berikber wêze, lange wachttiden ha en net bekend genôch wêze.
Stevich petear
De FNP fynt dat de Dokterswacht de eigen organisaasje op oarder bringe moat sadat Koudum gewoan iepen bliuwe kin. Ek fynt de FNP dat boargemaster en wethâlders fan Súdwest-Fryslân in stevich petear fiere moat mei soarchfersekerder De Friesland. Dy betellet in grutste part fan de soarch yn de regio.