Fryske donorregistraasje boppe gemiddeld yn trije gemeenten

De gemeenten Skiermûntseach, Menameradiel en Littenseradiel hawwe it heechste persintaazje oan registraasjes fan orgaandonoaren yn Fryslân. It Fryske gemiddelde leit op 40 prosint, mar yn dizze trije gemeenten is dat sa'n 43 prosint. It is dizze wike donorwike yn it hiele lân en yn Fryslân binne der ûnder oare gastlessen yn Jorwert en Snits.
De Donorwike hat as doel om sa folle minsken as mooglik harren registrearje te litten as donor.
Lanlik stean der noch hieltyd sa'n 1000 minsken op in wachtlist foar in nij orgaan. Yn 2015 binne 134 minsken op de wachtlist ferstoarn om't it orgaan te let kaam.