"Lied minsken op om oer wrâlderfguod te fertellen"

It kloppet dat in grut part fan de Nederlanners net bekend is mei it wrâlderfguod yn ús lân. Mar dat is net it grutste probleem, sa seit Arjan Berkhuizen fan de Waadferiening. Hij reagearret dêrmei op de kampanje dy't der komt om it Wrâlderfguod dat wy hjir yn Nederlân ha mear op de kaart te setten by ússels.
Neffens Berkhuizen is it altyd goed om mear toeristen nei plakken te lûken dy't op de Unesco Wereldergoedlijst stean, mar dan moatte der ek genôch minsken wêze dy't fertelle kinne wêrom't bygelyks it Waad op de Wrâlderfguodlist stiet.
Opliede
De Waadferiening wol de kommende tiid folle mear gidsen opliede, mar se wolle ek ûndernimmers, hoarekapersoniel en skoalbern opliede sadat se toeristen fertelle kinne oer It Waad. Ek hoopje se op in besikerssintrum sadat alle ynfo op ien plak te finen is.