Elektryske auto's toere mei Grien 10 Tour troch Fryslân

Tsientallen dielnimmers dienen sneon mei oan de Grien 10 Tour. It giet om autotocht troch Fryslân sûnder gebrûk te meitsjen fan fossile brânstoffen. De start wie moarns by it WTC Expo yn Ljouwert. Allinnich folslein elektryske of fossylfrije auto's koenen meidwaan.
De toer is ûnderdiel fan it inisjatyf fan stichting JIT (Jou it troch) fan de Fryske sjongers Syb van der Ploeg en Piter Wilkens.
Se brochten earder al it nûmer 'Jou it troch' út om it inisjatyf krêft by te setten. Snein sille ferskate Fryske artysten de provinsje troch om sa omtinken te freegjen by it publyk foar ferantwurde enerzjygebrûk en miljeufreonlike-ferfiersmiddelen.