Iel wurdt by Harns oer de dyk yn see útset

Hûnderten geslachtsripe iel yn Harns wurde sneon oerhevele fan it binnenwetter nei de Waadsee. De iel kin dan yn warmere gebieten soargje foar neiteam. It slagget de iel net sels om fan it binnenwetter yn de Waadsee te kommen. Dêrom helpt de stichting Dupan harren. De stichting set him yn foar in duorsume ielstân yn Fryslân en de rest fan Nederlân.
De iel wurdt yn see oerset fan septimber oant novimber. Njonken yn Fryslân bart dat yn noch fjouwer oare provinsjes. It úteinlike doel is it behâlden fan in goede ielstân yn Nederlân.