Identiteit deadlik slachtoffer De Jouwer is noch net bekend

It is dreech foar de plysje om de identiteit fêst te stellen fan it slachtoffer dat freed om it libben kaam by it ûngelok op De Jouwer. It slachtoffer kaam by in botsing mei in frachtwein en de dêropfolgjende brân om it libben. Fia it kenteken is achterhelle wa't de eigener fan de auto is. Dizze persoan is thús net oantroffen, mar dêrmei kin noch net mei sekerheid sein wurde dat dit it slachtoffer is.
Der is mooglik dna-ûndersyk of gebitsanalyse nedich om sekerheid te krijen oer de identiteit fan de bestjoerder fan de auto.