Frachtwein rydt yn op file, A7 ôfsletten

Op de A7 by De Jouwer is fanút de rjochting Snits in frachtwein op in file ynriden. Troch de botsing is de frachtwein yn brân flein. In oare frachtwein leit op syn kant. Ek binne der meardere auto's by it ûngelok belutsen. Yn hoefier at der slachtoffers fallen binne, is net dúdlik. De A7 is yn beide rjochtingen ticht. Ferskate helptsjinsten, wêrûnder in traumahelikopter binne útstjoerd.