Marzo: ''Ik twijfelde meteen toen de bal binnenging''

In soad foldwaning sneontejûn by de spilers fan SC Hearrenfean nei ôfrin fan de wedstriid tsjin ADO Den Haag. Yn it Kyocerastadion waard in geweldige 0-3 oerwinning behelle troch de ploech fan trainer Jurgen Streppel. It wie noch efkes ûnwis wa't it earste doelpunt op syn namme krige. Uteinlik waard it in eigen doelpunt fan in ferdigener fan ADO, wêr't Stefano Marzo hope hie syn earste doelpunt yn it betelle fuotbal te skoaren.
Twivel
''Ik twijfelde meteen vanaf het moment dat de bal er inging'', sa sei Marzo nei de wedstriid. ''Ik zag Joost nog achter mij en die jongen van Den Haag zat ook achter mij. Maar we waren er zeker niet minder blij om.'' De ferdigener wie wiis mei de oerwinning yn de op papier dochs wol lestige útwedstriid tsjin ADO. ''Het is wel eens anders geweest. Roda hebben we eerst al gepakt met 0-3 en nu vandaag hier 0-3. Normaliter zijn dit lastige uitwedstrijden, maar nu ging het goed.''
''Ik stond er gelukkig weer''
Foar Joost van Aken wie it noch ûnwis oft er yn aksje komme soe yn Den Haag, yn ferbân mei in blessuere. ''Ik stond er vandaag gelukkig weer. Donderdag had ik nog wat pijn, ik heb vandaag ook met pijnstilling gespeeld. Het ging nu al wat beter. Complimenten voor het hele team, we hebben goed gespeeld.''