Checklist: dit binne de easken foar de nije kommissaris

De Fryske steaten
Ynteger, werkenber, ûnôfhinklik, ferbinend en stressbestindich. As je je werkenne yn dizze fiif kenmerken, dan foldogge je oan de wichtichste easken fan de provinsje foar de nije kommissaris fan de Kening. Want Fryslân siket in kandidaat om John Jorritsma op te folgjen.
Dêrom frege de provinsje earder ek oan boargers om te fertellen wêr't in goede kommissaris oan foldwaan moat. Ek Omrop Fryslân frege Friezen wat sy belangryk fine oan de nije kfdK. Mar komt dat ek wat oerien?
Mei beide fuotten op de grûn
Hurd wurkje, korrekt wêze, him (of har) goed sjen litte. En goed witte wat der spilet en libbet ûnder de minsken. Net der boppe stean, mar mei beide fuotten op de grûn en midden yn de mienskip. Dat binne saken en eigenskippen dy't neamd binne troch de ynwenners fan Fryslân.
En de measte dêrfan komme yn ien of oare foarm ek wol wer werom yn de profylskets. Sa stiet der dat de nije kommissaris "fokus, enerzjy en omtinken" ha moat. Ek "siket Fryslân om immen dy't harkjen as earste natuer hat."
"De kommissaris fan de Kening hat in sterk ûntwikkele inerlik kompas. Dat makket de kommissaris puer en autentyk", stiet der fierder. "It is immen dy't skerp sicht hat op wat der yn de omjouwing bart en by steat is om dêr yntiids en adekwaat op te reagearjen, ofwol om oaren yn dy posysje te bringen. De kommissaris hat in enerzjike en entûsjaste persoanlikheid en strielet dy yn alles út."
Grutsk op Fryslân
Fansels ferwachtet de provinsje fierder dat de nije kommissaris in grutte leafde foar Fryslân hat. "De kommissaris is grutsk op Fryslân, is de Fryske taal eigen of makket him dy taal eigen en is by steat om mei ynmoed de Fryske taal en kultuer fan herten út te dragen binnen en bûten Fryslân. De kommissaris stiet as ambassadeur foar de Fryske ambysjes en kin dy oerbringe yn Fryslân, Nederlân, Europa en sels dêrbûten."
Fierderop yn de profylskets wurdt ek sprutsen oer fernijing. De nije kommissaris fan de Kening moat njonken in goed bestjoerder in ferbiner wêze en ek op syk nei nije kânsen foar Fryslân.
Provinsjale Steaten
Kommende woansdei mei Provinsjale Steaten him noch útsprekke oer de profylskets. Op de enkête kamen mear as 500 reaksjes binnen. Dêrneist hat in kommisje praten mei ferskate belange-organisaasjes en bestjoerders. Ek harren opmerkings binne taheakke oan it profyl fan harren nije kfdK.
As de skets kommende woansdei goedkard wurdt, is de planning dat de nije kommissaris fan de Kening begjin takom jier ynstallearre wurdt.