Werynrjochting Europaplein yn Ljouwert giet no pas echt los

De sânsekken lizze der al moannen en de fontein is allang fuorthelle, mar de werynrjochting fan it Europaplein yn Ljouwert giet no pas los. De grûn moast earst ynklinke foar't it echte wurk begjinne koe. Wethâlder Thea Koster die tongersdei de iepeningshanneling mei in graafmasine.
Yn de Ljouwerter polityk hat in soad diskusje west oer de werynrjochting fan it markante plein dêr't de westlike ynfalsdyk op útkomt. Omwenners wiene benaud foar oerlêst. Bedriuwen ferwachtsje dat se skea hawwe omdat se minder goed berikber binne.
De gemeente fynt dat it plein feiliger wurde moat. It plein wurdt lytser, it wurdt in turborotonde en der komme trije fytstunnels, sadat it autoferkear losstiet fan it fytsferkear. Dat is feiliger, seit wethâlder Koster. Foar de offisjele start fan de werynrjochting waard it ferkear stillein sadat de wethâlder en de oare oanwêzigen de kâns hiene om feilich nei it midden fan de rotonde te gean.