Miss Montreal ferrast Flylanner campingbaas mei eigen nûmer

In grutte ferrassing foar Flylanner campingdirekteur Jan van der Veen. Sjongeres Sanne Hans, better bekend as Miss Montreal, ferraste him yn har programma 'Lieve S-S-Sanne' mei in nûmer dat se spesjaal foar him skreau. Campinggasten en personiel, allegear sieten se yn it komplot. En Jan sels, dy hie neat troch...