Jouster Merke fiert 550e edysje mei ekstra grut feest

De Jouster Merke belibbet dit jier it 550e jubileum. Nei eigen sizzen binne se de langstrinnende jiermerk fan de wrâld. Op de merk wurde de tradysjes heechhâlden. Sa is der dit jier wer de hynstemerk - dêr't fjirtich hynders ferhannele waarden, in agraryske skou, kreamkes mei hannelswaar en de merke. De hynstemerk luts ek keaplju út it bûtenlân.
Sneon is der in brunsj oan lange tafels yn de Midstrjitte. Dyselde dei is der ek Jouster Kuierke, in kuiertocht by bysûndere plakjes fan âld-Joure del.
Oan de merke binne in oantal nostalgyske attraksjes taheakke wêrûnder in karimata (soarte fan reuzerêd) en is der in autentyk pofferkespaviljoen.