Nominaasjes foar soarchpriis 'Tomme' bekendmakke

© Omrop Fryslân
De projekten ''Even geen zorgen'' yn Ljouwert, it sintrum foar libje mei kanker De Skulp op It Hearrenfean, HartWacht yn Dokkum en Olga's Chatt app fan studinten fan de NHL yn Ljouwert binne nominearre foar de Soarchbelang Tomme. Dit is de priis foar it inisjatyf dat it bêst op pasjinten rjochte is.
Minsken kinne fan 20 septimber ôf fia de webside fan Soarchbelang Fryslân in stim útbringe. De 'Tomme' wurdt op 13 oktober by it Frysk soarchkongres yn de Lawei yn Drachten útrikt.