"Stadichoan mear omtinken foar Paralympyske sport"

"It omtinken foar de Paralympyske sport wurdt noch grutter."Dy ferwachting sprekt hurdfytster Alyda Norbruis út." De foarige kear yn Londen wie der al mear omtinken en no noch mear. By de folgjende Paralympyske Spelen sil it noch bekender wurde. It nimt ta, mar wy moatte geduld hawwe en it sels sjen litte", seit Alyda.
De hurdfytster út Oerterp mocht de Nederlânske flagge drage op de slutingseremoanje. Pikefel, sa omskreau se dat momint. Tiisdei fleane de sporters fan Rio de Janeiro werom nei Nederlân.
Alyda Norbruis wurdt takom sneon huldige yn har wenplak Oerterp.