Elly Hofman-en-dy bêste froulju op Aldehoupartij

De Aldehoupartij yn Ljouwert is sneon in proai wurden foar it partoer fan Elly Hofman, Anke Winkel en Manon Scheepstra. It trijetal wûn yn de finale mei 5-2 en 6-4 fan Michelle Bruinsma, Sandra Hofstra en Grada van der Schoot. Yn de striid om de lytse preemje wiene Ilse Tuinenga, Marte Altenburg en Annelien Broersma mei 5-2 en 6-6 te sterk foar Iris van der Veen, Maaike Osinga en Melissa Rianne Hiemstra.
De Aldehoupartij is de lêste keatspartij fan it seizoen. In soad keatsers namen ôfskied. Sjoukje Visser hâldt op mei de keatserij.