In fytspaad makke fan wc-papier? Fiif fragen oer it projekt

Tusken Jelsum en Koarnjum kinne jo fan tongersdei ôf fytse oer brûkt húskepapier. Dat klinkt miskien wol wat smoarch, mar dat papier is ferwurke yn it asfalt dat brûkt is as nije laach op it fytspaad. It giet dan om de stof selluloaze dy't yn dat wc-papier sit. By it Wetterskip Fryslân hawwe se útfûn hoe't se dat weromwinne kinne út it rioelwetter. Wy stelden fiif fragen oan Yede van der Kooij, de projektlieder fan it wc-papier-projekt.
Hoe binne jim op dit idee kaam?
''Op in gegeven stuit fregen wy ús by it Wetterskip ôf wat wy dwaan koene mei wc-papier yn ôffalwetter. Der moast in tapassing foar wêze. Doe hearden wy dat de provinsje graach in fytspaad oanlizze woe en binne wy op ûndersyk útgien. It bedriuwslibben is derby belutsen, ûnder oare in asfaltbedriuw en in oannimmer. En no is it slagge, wy helje it papier út it ôffalwetter en ferwurkje it yn it fytspaad.''
Jim hawwe in wrâldprimeur! Wêrom is dit net earder dien?
''Wy tochten yn earste ynstânsje neat as it suverjen fan wetter. Tsjinwurdich witte wy dat der enerzjy en stoffen yn ôffalwetter sitte, dêr't je wat mei dwaan kinne. Der waard yn it ferline wol húskepapier út it wetter helle, mar dêr waard neat mei dien. Wy binne der no efterkaam dat de selluloaze fan beammen, nedich foar it produsearjen fan wc-papier, op dizze wize ferfongen wurde kin.''
Wolle de oannimmers it graach brûke?
''De oannimmers binne tige entûsjast, ek om't se troch dizze ûntwikkeling in griener imago krije. Der hoege minder beammen kapt te wurden. Dat is hiel ynteressant, ek foar de oannimmers.''
Wat wurdt der op dizze wize besparre?
''De oanlis sil der net goedkeaper op wurde, mar ek net djoerder. It is benammen ynteressant foar it wetterskip. Der wurdt besparre op de suvering. Hoefolle? Ik tink dat der in oantal tonnen op jierbasis besparre wurde kin.''
Kin der noch mear mei ôffalwetter?
''Ik tink dat wy oan it begjin stean. Yn Ljouwert helje wy bygelyks al biogas út slyk. Dêrneist kinne wy ek bioplestik út ôffalwetter meitsje. Mar it binne techniken dy't tiid nedich hawwe, mar it kin allegearre wol!''