Mitchell Te Vrede kin wer mei it team traine

Mitchell te Vrede © AWfoto.nl
Hearrenfeanspits Mitchell Te Vrede kin hast wer oanheakje by de teamtraining. De oanfaller rûn begjin augustus in knibbelblessuere op en is hast wer better. Nei sân wiken revalidaasje giet it goed mei de spiler, sa lit syn trainer Jurgen Streppel witte.
Syn fysio Erik ten Voorde wol him oan de ein fan dizze wike wer meidwaan litte oan teamtraining. "Als dat goed gaat, hopen we de belasting volgende week verder op te kunnen voeren." Te Vrede wie foarich seizoen mei tsien doelpunten de kluptopscorer.