Meriant docht sels it ûnderwiis foar har ferpleechkundigen

© Omrop Fryslân
Soarchorganisaasje Meriant jout tenei sels ûnderwiis oan ferpleechkundigen foar de âldereinhuzen yn Wolvegea en op It Hearrenfean. Want der is in grut tekoart oan saakkundich personiel. Dat komt om't de soarch foar âlderein feroaret.
Alderen komme net earder yn in fersoargingshûs as dat se hiel bot ferlet hawwe fan soarch en dat makket dy soarch swierder foar de ferpleechkundigen. Net elk kin dat oan. Meriant liedt dêrom minsken sels op. Meriant krijt stipe fan dosinten fan it Friesland College en Stenden Hegeskoalle.
Netwurk
Meriant hat der foar keazen de soarch lytsskalich te organisearjen. De bewenner en syn of har libben stiet sintraal. Om de bewenner hinne stiet in netwurk fan famylje, freonen, frijwilligers en saakkundige meiwurkers.
Eigen inisjatyf
Fan dy meiwurkers wurdt hieltyd mear frege. Se moatte net allinne kwalitatyf goede en kundige soarch leverje, mar ek goed omgean mei it netwurk om de bewenner hinne. Hoe lûke je famylje en frijwilligers by de soarch en jou je ek romte om sels mei ideeën te kommen en in bydrage te leverjen?
Yndividueel
Om de omslach nei in nije organisaasje mei in oare kultuer te meitsjen, binne njonken mear fersoargers ek mear ferpleechkundigen nedich. De oplieding fan de nije minsken is alhiel op it wurkplak. Dat freget fan de oplieders fan it Friesland College en Stenden Hegeskoalle in protte fleksibel wurkjen.