Friezen skoare net geweldich op de ferkearsregels

Ferkearsboerd © ANP
Friezen hawwe, op Noard-Hollanners nei, de minste kennis fan it ferkear fan Nederlân. It minst skoare Friezen op de ferkears- en foarrangsregels. Lanlik wurde de measte flaters makke by de fraach oer it punterydbewiis. Sa docht bliken út de lanlike ferkearskundetest fan fersekerder Generali. Wat út de test ek dúdlik wurdt is dat manlju mear witte fan it ferkear as froulju.