Trekker Spotter Rudmer: "Ik bliuw mysels hieltyd fernijen"

Facebook Trekker Spotters Arum
In jier lang hiel hurd 'trekker!' roppe en dêr filmkes fan meitsje, Rudmer Okkinga fan de Facebookpagina Trekker Spotters Arum hat der noch net syn nocht fan. De pagina bestiet in jier en is populêrder as ea: de teller stiet no op mear as 11.000 likes. Op de pagina stean filmkes fan jongeren dy't 'trekkers spotte'. Oftewol: omride yn de auto op syk nei trekkers, en as der dan ien foarby komt hiel hurd 'trekker!' roppe.
Fernijing
Dochs besiket de 21-jierrige Arumer himsels altyd te fernijen. "Je moatte je ôffreegje hoe lang soks leuk bliuwt. Dêrom besykje ik ek oare dingen te dwaan, bygelyks mei foto's." Okkinga hat no mear as twatûzen folgers op Snapchat en makket filmkes foar it Youtube-kanaal NL Jaagt.