Fryske sporters prestearje goed op Paralympyske Spelen

© Omrop Fryslân
De Fryske Paralympiërs binne oant no ta tige suksesfol yn Rio. As je op de medaljespegel de Fryske en Nederlânske medaljes útinoar helje, dan stiet Fryslân sels boppe Nederlân. De Friezen steane oant no ta al op fiif medaljes. Hurdfytster Alyda Norbruis, swimster Liesette Bruinsma en hurdfytser Tristan Bangma wûnen alletrije goud. Fierder pakte swimmer Olivier van de Voort sulver en wie der noch brûns foar Alyda Norbruis.
En it is noch lang net dien, der binne noch genôch medaljekânsen foar Fryslân en Nederlân.
Sjoch foar al it nijs oer de Paralympyske Spelen op omropfryslan.nl/ps.