Tristan Bangma pakt goud op 1 kilometer tiidrit yn Rio

Baanhurdfytser Tristan Bangma fan Donkerbroek hat snein in gouden medalje wûn op de Paralympyske Spelen yn Rio. Hy wie de rapste op de 1 kilometer tiidrit en ried mei syn piloat Teun Mulder in nij paralympysk rekôr: 59.822.
It sulver wie foar de Brit Neil Fach (1.00.241) en it brûns gong nei de Dútser Kai-Christian Kruse (1.01.787).
"Onze start was geweldig en het doorversnellen was echt super", sa sei de 18-jarige Bangma nei ôfrin fan syn kampioensrit. "Daarna is het in een flow gegaan. Ik weet er echt niet zoveel meer van. Wel dat de laatste ronde ongelooflijk pijn deed."
Sjoch foar al it nijs oer de Paralympyske Spelen op omropfryslan.nl/ps.