Swiere mishanneling Drachten, slachtoffer mei spoed opnaam

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneontenacht manlju fan 29, 30, en 45 jier út Drachten oanholden. Neffens de man fan 45 jier bellen de oare twa by syn hûs oan. Doe't er iependie, krige er in klap mei in stien op 'e holle. De man pakte fuort in mes, wêrmei't er de 30-jierrige yn syn side stuts. It duo sette dêrop ôf. De man fan 45 is troch in ambulânse nei it sikehûs brocht, en nei behanneling is er ynsletten. De 30-jierrige man moast mei spoed nei it sikehûs om behannele te wurden. Syn 29-jierrige maat en hy binne letter ek oanholden troch de plysje.
It mes en de stien binne yn beslach naam. Undersyk sil útwize moatte wat de oarsaak fan de rûzje wie.