Steuring by REC Harns feroarsaket hegere útstjit en reekplom

Omrin, ôffaloven, Harns © Omrop Fryslân, Aise van Beets
By de REC yn Harns hat sneontemoarn tusken healwei fjouweren en seis oere in steuring west yn de ynstallaasje fan de ôffaloven. In fentilator foel tydlik út, sa meldt Omrin Fryslân, en der wie in hegere útstjit fan stofdieltsjes. Ek wie der in healoere lang in reekplom te sjen.
It ferbrâningsproses yn de sintrale is fuortendaliks stopset en der wurdt ûndersocht wat de oarsaak fan de steuring west hat. Oant dat dêr dúdlikens oer is, wurdt der gjin ôffal ferbrând. De FUMO sil ûndersyk dwaan as der skealike stoffen frijkaam binne.