Doutzen Kroes mei foto op spesjale postsegels

© Post NL
Doutzen Kroes stiet fan no moandei ôf op tsien spesjale postsegels. De foto's foar dizze postsegels binne makke troch topfotograaf Anton Corbijn. De rige postsegels hawwe de namme 'Doutzen, mode & muze' meikrigen. Corbijn woe dat Doutzen op de tsien foto's echt harsels wêze koe, sa naturel mooglik. "Terug naar de essentie", sa seit Corbijn.
Doutzen is bliid mei it einresultaat. "Normaalsprutsen sjoch ik myn foto's altyd yn tydskriften en op posters", sa seit it topmodel. "Oan foto's op postsegelformaat wurde oare easken steld om dizze goed oerkomme te litten. Anton Corbijn is dêr goed yn slagge. Dêrom binne de foto's op de postsegels sfearfol en fol mei emoasje. It wie in ear om mei him te wurkjen.''