Fryske Akademy beneamt fjouwer nije leden

Jannewietske de Vries mei de smartphone
Saskia Bak, Jannewietske de Vries, Cees Buisman en Johannes Boonstra binne freed op de jierlikse Akademydei beneamd as lid fan 'e Fryske Akademy. Saskia Bak wie direkteur fan it Fries Museum en hat in soad betsjut foar de keunstwrâld yn Ljouwert yn 'e ôfrûne jierren.
Jannewietske de Vries krijt de eare foar har wurk as deputearre fan Fryslân. Sy levere in wichtige bydrage oan it ta stân bringen fan de Wet Gebruik Friese Taal. Buisman en Boonstra binne beneamd foar har wurk by wetterynstitút Wetsus dat útgroeide ta in topynstitút.