Wagenaar opnij Nederlânsk kampioen Dog Dance

Grietje Wagenaar en Floris © Behave Training
Grietje Wagenaar út Burgum is dit wykein tegearre mei har Border Colly Floris Nederlânsk kampioen Dog Dance wurden. Yn in spannende wedstriid makke it duo út Burgum krekt wat mear yndruk op de sjuery as de oare baaskes mei harren hûnen. By Dog Dance moatte de hûnebaaskes mei harren hûn in dûns op muzyk útfiere. Grietje en Floris hawwe no yn totaal seis Nederlânske titels.
Neffens Wagenaar is dit in útsûnderlike prestaasje: "Het is bijna niet te bevatten, ik ben er ontzettend blij mee, Floris is een top hond!" It duo is ek selektearre foar it Nederlânske team dat yn it wykein fan 24 septimber yn Eastenryk meidwaan sil oan it EK Freestyle.