Hast net mear foar read wachtsje by Ljouwert

Stopljocht © ANP
Automobilisten hoege tenei hast net mear op in read ljocht te wachtsjen as se fan de Heak om Ljouwert, by Techum del, nei de stêd ride. Moandei wurdt hjir nammentlik de saneamde griene weach offisjeel yn gebrûk naam. Wethâlder Thea Koster jout symboalysk it startskot troch de lêste skroeven fan de 50 kilometer-buorden oan de Oeriselskeleane oan te draaien. Troch de griene weach kinne automobilisten mei 50 kilometer yn de oere fan de Werpsterhoeke ôf trochride oant it krúspunt Goutum, sûnder dat se foar in read ferkearsljocht komme te stean.
De gemeente Ljouwert tinkt dat mear minsken har no oan de maksimum snelheid hâlde, omdat se by 50 kilometer yn de oere net mear foar in read ljocht komme te stean. Oant no ta rieden in soad minsken te hurd of troch read omdat de griene weach noch net wurke.