UPDATE: File en dykôfsluting A32 troch ûngelok Aldeholtwâlde

© De Vries Media
By in botsing op de A32 by Aldeholtwâlde binne sneontemiddei twa minsken ferwûne rekke. Twa auto's botsten troch noch ûnbekende oarsaak op elkoar. De brânwacht fan Wolvegea ried mei twa weinen út. Ek twa ambulânsen giene nei it ûngelok.
Tusken Willemsoard en de ôfrit Wolvegea stiet in file fan inkelde kilometers, om't de dyk dêr ôfsletten is. Nei ferwachting is de dyk pas om 19:00 oere wer iepen. Automobilisten fanút Stienwyk yn de rjochting fan Ljouwert kinne omride fia de A28.