Kâns op pleach ikeprosesjerûp troch rekôrtal flinters

De kâns is grut dat we takom jier in pleach fan de ikeprosesjerûp krije yn Fryslân. De ôfrûne perioade binne 41.000 ikeprosesjeflinters teld, dat is in ôfgryslik soad. Op guon plakken wol twa kear safolle as oare jierren. Dat seit ûndersykster Silvia Hellingman.
As der neat oan dy flinters dien wurdt, dan wurde it rûpen. De hierkes fan dizze bisten kinne foar flink wat oerlêst soargje. Neffens Hellingman is it saak dat oerheden previntyf spuitsje moatte. Ek soene der mear fallen pleatst wurde moatte.
It ophingjen fan in soad fûgelhúskes en ynsektehotels soe ek helpe. De ynsekten en fûgels ite dan de jonge rûpen foardat se de gefaarlike hierkes krije. Ek partikulieren moatte aktiver wurde yn it oprêden fan nêsten.